Menu

De erfenis fan muoike Bella (Tante Bella’s Beautysalon)

9 januari 2019 - 3 Fries
De erfenis fan muoike Bella (Tante Bella’s Beautysalon)

In klucht yn trije bedriuwen fan Henk Roede. Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 5/7 froulju, 2/4 manlju

De muoike fan Albert en Berend is ferstoarn. Albert en Berend ha hjir net al tefolle fertriet fan, want in bân mei muoike hiene se net echt. Sterker noch, eins binne se wol bliid dat muoike der net mear is, want no kinne se ommers erve! En dy erfenis bestiet út in wat yn ferfal rekker beauty salon. Berend is der fan oertsjûge dat dizze salon mei in kwast ferve en in lytse ferbouwing letter foar guod jild te ferkeapjen is. Mar is dat wol sa’n goed plan? De salon soe ûnder de ferbouwing eins gewoan troch draaie moatte, want oars rinne de klanten fansels fuort. En is der wol personiel? Dat is trouwens net it ienige probleem dêr’t de beide broers tsjinoan rinne, want de klanten fan muoike binne net echt de makliksten. En binne de broers wol de ienige erfgenamten? Problemen genôch foar in jûn noflik toaniel en in soad te laitsjen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *