Menu

De Treflike Dokter Paul (De Geweldige Dokter Paul)

8 april 2019 - 4 Toneel - Fries
De Treflike Dokter Paul  (De Geweldige Dokter Paul)

Klucht yn trije bedriuwen fan Henk Roede, Fryske bewurking fan Roel Klijnstra, 4/6 froulju, 4/6 manlju

Mei fleur en faasje set Dokter Paul út ein op syn earste wurkdei as bistedokter yn syn eigen praktyk. Al rap docht bliken, dat syn foargonger, Dokter Vermeulen, der wol gauris putsjes by die en it net sa nei naam mei de etyk. De tichtstbywêzende húsdokterspraktyk is nammentlik in hiel ein fierderop. De measte ynwenners fan it doarp hawwe neat op de illegale praktyken fan Vermeulen tsjin. Mar assistinte Lysbet is net op de hichte brocht troch de âlde dokter. En dat is ek mar better.

Mar dat is net it iennige dêr’t de nije dokter mei tangele sit. Ek syn ex Rita, is hy slim ferlegen mei, want sy docht alle war om him werom te krijen.

En sa moat dokter Paul it iene medyske probleem nei it oare ta in goed ein bringe. Wylst ûnderfining en kunde te koart sjitte. Sa hawwe Arie en Corrie relaasjeproblemen en falle Paul dêr mei lêstich, mar dêr is Paul yn de fierste fierte gjin master yn. Syn adfyzen geane dan ek earder de ferkearde, as de goeie kant op.

Bearn, de biologylearaar hat in kuer nedich, mar dat pakt ek al hielendal ferkeard út….. Rebecca komt geregeld del, mei har kat yn in kuorke , mar giet it no om de kat of om wat oars? Allinne Willemyn komt wol echt mei bisten del, mar dat is in ferhaal apart.

Eintsjebeslút is der noch de postrinner, dy’t fan alles op de hichte bliuwe wol en dêrom fan tefoaren alle post lêst.

Hoe moat dizze tizeboel ta in goed ein komme?

(Al wer in dwers troch alles hinne komyske klucht fan Henk Roede, fol mei misferstânnen en dûbeldsinnigens, dy’t garant steane foar in hilaryske jûn)